Nij boekje mei ferhaaltsjes yn it Hylpersk

It Hylper dialekt stiet ûnder druk. Op it skoalplein wurdt it hast net mear brûkt en dat giet de echte Hylpers oan it hert. Ien fan har, Roelie de Vries-Bakker, bringt no in boekje út mei Hylper ferhaaltsjes. Roelie hat it boekje tegearre mei Gosse Blom gearstald. Blom wurke by de Fryske Akademy en wie Hylper taalkunige en saakkundige. Blom ferstoar yn 2014.
De sammele ferhaaltsjes bleaune in skoft by Roelie thús lizzen. Begjin dit jier hat se it boekje ôfmakke. "Ik hoopje dat de minsken wer oer it Hylpers prate", seit frou De Vries.
"It giet my net sa sear oer it boekje, mar om de Hylper taal, de wurden en de sinnen. Dat se har bewust wurde dat de taal der noch is mar dat it wol krityk wurdt" , sa seit frou De Vries. Takom freed, 18 maart, wurdt 'De hönne op één poat' presintearre. Yn Buro de Vries fertelt Roelie de Vries-Bakker snein oer it boekje, it Hylpers en de gearwurking mei Gosse Blom.